Stoflik omskot út wetter by Willemskade yn Ljouwert helle

31 jan 2015 - 14:34

De brânwacht hat sneontemoarn in stoflik omskot fan in 33-jierrige man út Ljouwert út it wetter by de Willemskade yn Ljouwert helle. Twa sportfiskers fûnen it lichem en warskôgen de plysje.

De man is freedtejûn troch de famylje as fermist opjûn. Sûnt tongersdeitenacht wie neat mear fan him fernaam. It is noch net dúdlik hoe't de persoan yn it wetter rekke is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)