Stoflik omskot fûn yn Frjentsjer

20 okt 2000 - 09:52

Yn 't Vliet by skipswerf Draaisma yn Frjentsjer is woansdeitemiddei it stoflik omskot fûn fan in man. De deade waard ûntdutsen troch boartsjende bern. Syn identiteit is noch net bekend.

Neffens de plysje hat de man sa'n tsien dagen yn it wetter lein. It lichem hat gjin skaaimerken fan uterlike ferwûnings. De leeftyd fan de man wurdt rûsd tusken de 30 en 40 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)