Stoflik omskot fermiste fûn

31 jan 2007 - 14:36

De plysje hat woansdei it stoflik omskot fûn fan de 42-jierrige Hans Dykstra út Itens. It lichem waard fûn yn in sleat op it lân efter de boerepleats fan syn broer.

Dykstra wenne by syn broer yn ôfwachting fan in oar wenadres. De man flechte moandei foar in wike it hûs út neidat de hûsdokter oer syn sûnens- tastân prate woe. De plysje hat in helikopter brûkt by it sykjen. Hans Dykstra kaam oarspronklik út Wytmarsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)