Stoflik omskot fan drinkeling nei 15 jier identifisearre

01 jul 2015 - 12:23

De plysje hat it stoflik omskot identifisearre fan in drinkeling, dy't yn oktober 2000 by Flylân fûn waard. It giet om in frou (61) út it Frânske Duinkerken. De frou waard sûnt septimber 2000 fermist. Har identiteit is fêststeld mei help fan in DNA-ferliking.

Spesjalisten fan it buro fermiste persoanen Noardsee stelden mei help fan sieraden en klean fan de frou fêst dat se út Frankryk komme moast. By it ûndersyk hat de Frânske plysje holpen mei in opspoaringsberjocht. It sinjalemint kaam oerien mei dat fan de frou dy't by Flylân fûn waard.

De plysje hat dêrnei it DNA fan it stoflik omskot ferlike mei dat fan de twa dochters fan de frou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)