Stofeksploazje yn slibbedriuw

22 feb 2004 - 00:00

In slibferwurkingsbedriuw oan de Ynfeart op it Hearrenfean hat snein in soad skea oprûn troch in stofeksploazje. Yn it bedriuw wie op dat stuit ien persoan oanwêzich. Dy kaam mei de skrik frij.

De eksploazje fûn plak yn ien fan de silo's dêr't it stof yn opfongen wurdt. Nei de knal hat der efkes brân west, mar dy koe gau blust wurde. By de eksploazje binne gjin skealike stoffen frijkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)