Stoelwinder wint Fryske Smaak

25 jun 2014 - 16:39
  • Tjalke Stoelwinder wint Held fan de Fryske Smaak

Tjalke Stoelwinder is woansdei útroppen ta Held fan de Fryske Smaak 2014. Neffens de faksjuery is yn syn iten de passy foar streekprodukten te priuwen. Stoelwinder wurket by Greydanus & Brouwer op It Hearrenfean. Hy sil Fryslân fertsjintwurdigje by de lanlike finale yn Ede op 27 septimber. De publykspriis wie foar Dick Noteboom en Willem Teun Tel fan de Natoertún 't Hummelhûs yn Aldhoarne.

De Wike fan de Smaak begjint op 27 septimber en duorret oant en mei 5 oktober. Takom jier is Ljouwert haadstêd fan de Fryske smaak.

Eigner Henk Markus fan restaurant 't Ambacht op It Hearrenfean krige by de útrikking it sertifikaat dat syn restaurant foldocht oan de easken op it mêd fan streekeigenheid en kwaliteit fan de Wâldpyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)