Stoelinga listlûker Fryske LPF

17 jan 2003 - 00:00

Thomas Stoelinga fan Pitersbierrum is oanwiisd as listlûker fan de LPF by de Steateferkiezings. Leden fan de partij Lijst Pim Fortuyn keazen Stoelinga tongersdei yn Ljouwert as listlûker. Oosterhuis fan Ljouwert stiet twad op de list en Brouwer, ek út Ljouwert, stiet op nûmer trije.

De fyftich oanwêzige leden koenen ek stimme oer it partijprogram. De partij tinkt trije, fjouwer sitten te heljen by de provinsjale ferkiezings yn maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)