Stoart Koudum en Heech ticht

17 jan 2012 - 20:59
  • ôffal

De miljeustrjitten fan Koudum en Heech binne sa ûnfeilich, dat se fuortendaliks sletten wurde moatte. Ut ûndersyk fan de gemeente Súdwest-Fryslân docht bliken dat der gjin goeie floeistoftichte flierren binne. Gefaarlike stoffen kinne sa yn it miljeu bedarje. Oanpassingen soene fierstente djoer wurde. De oare beide plakken dêr't de ynwenners mei bygelyks snoeihout en bou-ôffal hinne kinne bliuwe wol iepen. Dat is yn Snits en Boalsert. Yn doarpen dy't te fier by Snits en Boalsert ôflizze, wurdt it grof smoargens tenei faker ophelle.

Dat gebeurt dan net trije mar seis kear yn it jier. De sluting fan Koudum en Heech stiet pland foar maart, mar de ynsamling fan lyts gemysk ôffal yn Heech hâldt al hiel gau op: op 23 jannewaris. It ûndersyk nei de miljeustrjitten is yn gong setten, nei oanlieding fan de fúzje fan Snits, Nijefurd, Wûnseradiel, Wymbritseradiel en Boalsert, op 1 jannewaris ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)