Stoarmwaar soarget foar wetteroerlêst op Skylge

13 nov 2015 - 23:14

It stoarmwaar soarget freedtejûn op Skylge foar wetteroerlêst. It heechste peil dat metten waard wie 2 meter 40 boppe NAP. As gefolch dêrfan rûn de fearboat ms Friesland fan Rederij Doeksen fertraging op.

Ek de kaden fan de haven kamen foar in part ûnder wetter te stean. In tal parkearde auto's rûn wetterskea op.

Freedtemiddei rekke de ms Friesland al skansearre troch in botsing mei de kade yn Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)