Stoarmskea yn bosken falt ta

22 okt 2014 - 09:46

De stoarmskea yn de bosken yn Fryslân falt ta. Neffens Roel Vriesema fan Steatsboskbehear binne der mar in pear lytse meldings binnenkaam. Steatsboskbehear die tiisdei in oprop oan de minsken om fanwege de hurde wyn út de bosken te bliuwen. Dy oprop hat holpen, neffens Vriesema.

As de wyn wer minder wurdt, kinne minsken gewoan de bosken yn. Benammen de kuierpaden wurde goed ûnderhâlden, sadat der gjin gefaar is dat minsken in tûke op de holle krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)