Stoarmskea noch net fuortwurke

27 feb 2014 - 08:22
  • Alle stoarmskea is noch net oprêden.

Steatsboksbehear is noch net klear mei it fuortwurkjen fan de stoarmskea yn syn bosken. Troch it útbliuwen fan winterwaar is de grûn flink wiet en kin der net mei grutte auto's riden wurde. Dy binne nedich om omwaaide beammen op te heljen, dy't yntusken omseage binne. Ek it omseagjen sels is noch net oeral klear.

Steatsboskbehear hat dêr wol prioriteit oan jûn, omdat der nei it begjin fan it briedseizoen op 15 maart net mear yn de bosken seage wurde mei.

De kommende tiid moatte der ek noch kuier- en fytspaden hersteld wurde, ek dat wurk hat troch de wiete winter fertraging oprûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)