Stoarmskea grutter as tocht

07 aug 2013 - 14:33
  • Omwaaide beammen

De stoarm fan moandei hat mear skea oanrjochte as earst tocht waard. De gemeenten Opsterlân en Hearrenfean binne drok dwaande mei opromjen. In dei nei it needwaar waard troch de gemeenten needhelp jûn. Doe wie der gjin tiid om goed te besjen hoe grut de skea wie.

Woansdei is de gemeente Opsterlân start mei de ynventarisaasje. Benammen âlde, monumentale beammen ha in soad te lijen hân en binne ûnherstelber beskadige. Tal fan diken binne ôfsluten fanwege gefaar foar fallende tûken. Ek binne der noch inkelde elektrisiteitssteuringen.

Yn Opsterlân binne de Poastwei, de Bûtewei by Oerterp, de Beakendyk, de Berchleane en de Skieppeleane ôfsluten foar ferkear. De gemeente oerweaget om ek de Kompagnonsfeart tusken De Gordyk en Lippenhuzen te sluten. Doel is om alle diken foar it wykein wer begeanber te meitsjen.

Ek yn Hearrenfean binne in pear diken ticht yn ferbân mei stoarmskea. It opromjen en de herstelwurksumheden sille noch wol inkelde wiken yn beslach nimme, litte beide gemeenten witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)