Stoarmskea falt ta yn Fryslân

02 mrt 2008 - 10:06
  • Heech wetter op Flylân (foto's: Jan Houter)

It falt ta mei de stoarmskea yn Fryslân. It wetter kaam sneon minder heech as earder ferwachte. De ferwachting wie dat it peil by Harns op 3 meter 60 útkomme soe, mar it kaam úteinlik net fierder as 3 meter 17. Op de Waadeilannen falt de skea oan de dunen dêrtroch ek wol wat ta.

Op de seedyk by Koehoal rekke in oantal asfaltplaten los. By Surch waaiden grutte ferkearsbuorden oer de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)