Stoarmskea falt ta

31 des 2006 - 08:39

De westerstoarm hat sneontenacht net foar in soad skea soarge. De brânwacht is wol tolve kear útrukt foar skea troch de stoarm. Yn de measte gefallen gie it om omwaaide beammen en tûken dy't fuorthelle wurde moasten. De rêdingstsjinst fan de KNRM hat net yn aksje west.

Der wurdt foar âldjiersnacht op 'e nij min waar ferwachte. De súdweste- oant westewyn nimt dan ta oant hurd oant stoarmich of stoarm yn it Waadgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)