Stoarmhout foar projekten

21 maaie 2014 - 22:16

De stoarm dy't yn oktober 2013 oer Fryslân raasde, hat net allinnich mar oerlêst en ellinde brocht. Yn en om Ljouwert is 480 ton beammen ynsammele. Sa'n 410 ton hjirfan wurdt brûkt foar ferskate projekten yn Ljouwert. Sa wurde der boarterstastellen fan makke.

Wethâlder Harry van der Molen joech woansdeitemiddei it startsein foar de aksje. Der binne 25 inisjatyfnimmers dy't mei it hout oan it wurk sille. Van der Molen fynt it bysûnder dat in stoarm dochs ek soks moais meibringe kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)