Stoarm: kearmuorre Harns ticht

04 feb 2011 - 15:14

De kearmuorre yn Harns giet ticht fanwege de súdwesterstoarm fan dit momint. Dêrtroch wurdt in hege wetterstân ferwachte. Troch it sluten fan de trochgong is Harns en it achterlân feilich, sa ferwachtet it Wetterskip.

Op basis fan de waarfoarsizzings giet it wetterskip derfan út dat de wetterstân tusken de 2.50 en 2.90 meter boppe NAP komt. De Harnzer kearmuorre giet ticht as de wetterstân boppe de 1.90 meter komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)