Stoarm: autodyk letter iepen

12 mrt 2008 - 12:29

De autodyk N31 tusken Harns en de kop fan de Ofslútdyk giet fanwege it minne waar fan de lêste tiid folle letter iepen foar it ferkear. De dyk is ferdûbele fan twa oant fjouwer rydstroken en soe no freed iepene wurde.

Fanwege al it stoarmwaar en reinwetter fan de lêste tiid is de iepening no útsteld oant nije wike woansdei. Oant de iepening moat it ferkear gebrûk meitsje fan in omliedingsrûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)