Stjoermêst Drinte wer klear

08 sep 2012 - 12:02

De nije stjoermêst yn Hoogersmilde yn Drinte wurdt oer in wike wer yn gebrûk naam. Dat hat eksploitant Broadcast Partners bekend makke. Yn de nacht fan 14 op 15 septimber moatte de problemen mei de ûntfangst fan radio- en tv-stjoerders yn Noard-Nederlân foarby wêze.

Yn july ferline jier bruts der brân út yn de mêst, wêrnei't dizze ynstoarte. De mêst soe earder klear wêze, mar it wurk rûn fertraging op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)