Stjoerders RadioNL stellen

26 jul 2010 - 15:47

RadioNL út Snits hat tûzenen euro's skea nei't snein en moandei stjoerders stellen binne. Der binne twa fan hast tritich stjoerders stellen. Dêrtroch kinne de harkers yn de omkriten fan Zutphen en Lichtenvoorde de útstjoering net hearre. Der wurde sa gau mooglik nije stjoerders pleatst.

It is neffens RadioNL in aksje dy't tsjin it bedriuw rjochte is. De dieven ha stjoerders fan oare radiostasjons sitte litten. De stjoerder hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)