Stjertesifer moat nei ûnderen

23 nov 2010 - 19:11

Fryslân wol binnen fiif jier ôf fan it heechste stjertesifer ûnder krekt berne poppen. Bettere gearwurking tusken ferloskundigen en gynekologen moat hjirfoar soargje. Sa moatte froulju mei kâns op in risikofolle befalling earder trochstjoerd wurde nei it sikehûs. Alle belutsen partijen sille hjir de skouders ûnder sette.

It ôfrûne jier is de gearwurking al yn gong set. Sa wurde alle poppen dy't flak nei de berte stjerre wiidweidich ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)