Stjer nei Escher neamd

07 nov 2007 - 21:22

In planetoïde dy't tusken Mars en Jupiter om de sinne sweeft, hat de namme Escher krigen. Hy is ferneamd nei de bekende grafyske keunstner dy't yn 1897 yn Ljouwert berne waard. In Belgyske wiskundige kaam mei it idee om de lytse planeet, dy't troch in teleskoop as ljochtpuntsje te sjen is, nei Escher te neamen.

Escher hie sels ek belangstelling foar stjerrekunde. Sa hie er in teleskoop en tekene er ek planetoïdes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)