'Stipepunt yn Wommels'

11 jun 2007 - 17:44

Der moat in argeologysk stipepunt komme yn Wommels. Grut foardiel hjirfan is dat it museum 'De striid tsjin it wetter' dan opnommen wurdt yn it provinsjale netwurk fan stipepunten, lykas Wynaam en Hegebeintum. It museum kin dan ek in berop dwaan op stikken út de kolleksjes fan oare musea.

Der kamen it ôfrûne jier 1000 minsken nei it museum, as stipepunt ferwachtet it bestjoer twa kear safolle besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)