Stipepunt soarch hâldt op

29 feb 2008 - 18:38

It eksperimint mei in stipepunt foar soarch en wenjen yn de bibleteek fan Kollumersweach is mislearre. It stipepunt giet net wer iepen. It punt wie in inisjatyf fan soarchynstellings en wenningboustiftingen. Sy woene fral âlderen helpe bygelyks by it oanfreegjen fan soarch.

It stipepunt wie trije kear yn de wike iepen, mar somtiden krigen de meiwurkers de hiele dei gjin inkele fraach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)