Stipeplan wenningmerk hie oardel jier earder moatten

05 mrt 2015 - 22:32

It ein 2013 lansearre provinsjale oanfalsplan om de Fryske wenningmerk te stypjen hie oardel jier earder útein sette moatten. Dochs hat it wol in tal goeie projekten opsmiten.

Dat sei deputearre Hans Konst tongersdei op in evaluaasjegearkomste oer it plan mei gemeenten, bouwers, ûntwikkelers en oare by de wenningmerk belutsen partijen. Konst konstatearret dat it faak te lang duorret foardat de bou fan projekten echt úteinset en dat banken noch regelmjitiich in stroffelstien foarmje by de finansiering.

Konst is tefreden oer de goed 1000 learlingwurkplakken dy't as gefolch fan de regeling ûntstien binne. Foar it plan is sa'n 60 miljoen euro beskikber. Dêrfan is oant no ta in lytse 20 miljoen útjûn. Hoewol't de wenningmerk oanlûkt tinkt Konst dat de regeling foarearst nedich bliuwt omdat ferskate, foar belizzers faak minder oantreklike, projekten sûnder de provinsjale stipe net fan de grûn komme.

It oanfalsplan is foaral geskikt foar belizzers dy't de finansiering dreech rûn krije. Bouwers hawwe der minder oan. Dat sizze Pieter Bouma fan boubedriuw VDM en Ronald fan Asselt fan Friso Bouw.

Beide manlju binne wol posityf oer de provinsjele finansieringsregeling dy't ein 2013 lansearre waard om de wenningmerk in triuwke yn de rêch te jaan. Foaral foar minder rendabele projekten is oanfoljende finansiering fia de provinsje in útkomst sizze beide manlju. Bouma hat noch wol in suggestje om de wenningmerk fierder op wei te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)