Stipe wynmûnepark Iselmar

28 maaie 2014 - 22:47
  • Wynturbinepark op see

It is sa goed as wis dat der in grut wynmûnepark komt yn de Iselmar. It plan kin rekkenje op in mearderheid fan de stimmen yn Provinsjale Steaten. Dat die woansdeitejûn bliken by de kommisjefergadering oer it plan. Hoe grut dat park krekt wurde mei, is noch in grut riedsel. In mearderheid fan de Steaten wol earst ôfwachtsje hoefolle stipe oft der is foar de plannen op de fêstewâl.

De wurkgroep Fryslân foar de Wyn is dwaande mei in grut tal plannen op ferskate plakken yn de provinsje. It is noch net dúdlik wat dat krekt opsmite sil.

Fryslân moat fan it ryk mei-inoar 530 megawatt oan wynenerzjy leverje. As in grut part dêrfan levere wurdt troch Fryslân foar de Wyn, kin it park op de Iselmar mooglik folle lytser wurde as dat de plannen no binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)