Stipe útstel folksrieplachting

14 aug 2004 - 13:54

It útstel fan 'e folksriedplachting oer it Suderseespoar hat de stipe fan 'e mearderheid fan provinsjale steaten. Deputearre steaten wolle útstel omdat der fertraging is yn 'e politike beslútfoarming oer it spoar. Sa ha de Twadde Keamer en de steaten noch net ynstimd mei de oanlis fan it spoar.

Neffens de FNP is it oan de boarger net te ferkeapjen dat der no wol ynformaasjegearkomsten komme, mar dat de boarger him net útsprekke kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)