Stipe toerisme earder útjaan

24 jan 2010 - 15:58

De provinsje moat de subsydzje foar toeristyske bedriuwen no al beskikber stelle. Dat fine de Recron en de Hiswa. Sa'n tachtich bedriuwen ha in oanfraach nei de oerheidsstipe dien, mar it jild is der noch net. Dêrtroch kinne op koarte termyn mar acht fan de tachtich bedriuwen mei projekten begjinne. Dat is net inkeld funest foar de bedriuwen sels, mar ek foar de boubedriuwen.

Yn dizze ekonomysk drege tiid moat de provinsje it budzjet nei foaren helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)