Stipe steaten foar Tryater

23 maaie 2011 - 21:29

De Fryske steaten binne fûl tsjin de wize hoe't it ryk mei teaterselskip Tryater omspringt. De Raad voor Cultuur advisearret dat Tryater út de lanlike kulturele basisstruktuer moat. Dat soe Tryater in hiel soad jild kostje

De steaten fine op grûn fan de betsjutting fan it selskip foar de Fryske taal en kultuer dat steatssekretaris Halbe Zijlstra dat advys net oernimme moat. Alle fraksjes wiene foar in CDA-moasje dêroer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)