Stipe selsstannich ûndernimmer

01 sep 2009 - 11:21

Foar projekten dy't minsken helpe om selsstannich ûndernimmer te wurden, is in soad belangstelling. It Bureau Zelfstandigen Friesland organisearret dy projekten. Fan tiisdei ôf geane 27 minsken út Ljouwert dermei oan de slach. Se wurde in heal jier lang yntinsyf begelaat. Sa leare de minsken om in ûndernimmingsplan te skriuwen.

De dielnimmers hawwe ûnder oare it plan om de catering of de berne-opfang yn te gean. Oaren begjinne in eigen restaurant of kapperssaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)