Stipe Ryk foar nije lêsmetoade

02 maaie 2008 - 12:29

Steatssiktaris Dijksma fan ûnderwiis stelt hast 5,5 miljoen euro beskikber foar projekten om taalefterstannen yn it basisûnderwiis te ferbetterjen.

It giet om projekten dêr´t op legere skoallen yn Drachten mei proefdraaid is. Skoallen krigen stipe fan spesjalisten by it kiezen fan in goede lêsmetoade en it gebrûk dêrfan yn it klaslokaal. In soad bern koene nei in pear wiken dúdlik better lêze. It doel is no om de nije lêsmetoade op folle mear skoallen yn te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)