Stipe provinsje foar itensbank

14 nov 2014 - 08:33

De provinsje Fryslân sil har aktyf ynsette om de ynhâld en kwaliteit fan de itensbank-pakketten te ferbetterjen. Hjirfoar binne spesjaal 'kwartiermakkers' oansteld dy't produsinten fan benammen farske produkten as griente en fleis benaderje om de itenswaar beskikber te stellen. It giet om produkten dy't fanwege in beheinde hâldberensdatum oars nei ferrin fan tiid ferneatige wurde.

Ek sil de provinsje him ynsette om de tûzenen guozzen dy't yn Fryslân sketten wurde ta itensprodukten te ferwurkjen en net langer sinleas te ferneatigjen.

Net allinnich restaurants, mar ek it cateringsbedriuw fan de KLM ha al belangstelling toand. Fryslân is ien fan de earste provinsjes yn ús lân dy't mei dit inisjatyf úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)