Stipe Parool-lêzers foar Frysk

08 feb 2001 - 16:01

Sawat de helte fan de lêzers fan de Amsterdamske krante Het Parool fynt dat de stúdzje Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam bliuwe moat. Dat docht bliken út in ynternet-ankête fan 'e krante.

De stúdzje Frysk oan de UvA stiet al in skoft faai. It Kolleezje fan Bestjoer sil meikoarten beslute hoe't it mei de stúdzje komt. De Twadde Keamer is tsjin it skrassen fan Frysk yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)