'Stipe-oanfraach leit te lang'

21 jun 2003 - 00:00

It Fryske CDA fynt dat de provinsje flugger reagearje moat op in subsydzjeoanfraach fan it Kristlik Bûn fan Muzykferienings. It bûn wol in nij muzykstik komponearje litte en hat dêr al yn 2002 subsydzje foar oanfrege.

It stik is bedoeld foar it Nederlânsk Fanfare Kampioenskip, dat april 2004 yn Drachten hâlden wurdt. Hoewol't de oanfraach oan alle easken foldocht hat de provinsje oant no ta net reagearre. It CDA freget no om in flotte reaksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)