Stipe Noarden bliuwt ûnwis

25 maaie 2004 - 00:00

Pas takom jier wurdt dúdlik oft it Noarden ekstra finansjele stipe hâldt. Dat seit steatssiktaris Van Gennip.

De Twadde Keamer makket him soargen om't it kabinet plannen hat it jild te besteegjen oan de rânestêd. Yn it Langmanakkoart is ofpraat dat der oant 2007 alle jierren 60 miljoen euro is foar it fuortwurkjen fan achterstannen yn it Noarden. De ryksbydrage hinget ôf fan hoefolle Europeesk jild foar it Noarden beskikber bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)