'Stipe nedich foar iepenloft'

27 apr 2007 - 17:11

De Fryske iepenloftspullen kinne net langer sûnder stipe fan de provinsje. Dat skriuwe sân organisaasjes fan iepenloftspullen oan de provinsje.

De kosten dy't makke wurde moatte foar't der ek mar ien kaartsje ferkocht is, binne folle heger as dat út sponsorjilden of reserves betelle wurde kinne. Wurde der minder kaarten ferkocht, kinne de iepenloftspullen dat net sels opfange. De provinsje moat dan byspringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)