Stipe frege foar wynmûnepark

13 mrt 2011 - 16:44

De provinsje moat op syn minst 12,5 miljoen euro ynvestearje yn in nij wynmûnepark boppe Skiermûntseach. Dat wol it belizzingsfûns Meewind dat meidocht oan de realisaasje fan it park. Der moat 150 miljoen euro op it kleed komme.

De direkteur fan it fûns hopet dat Fryslân en de oare provinsjes jild brûke út de ferkeap fan de oandielen yn de enerzjybedriuwen. Yn it park boppe Skier moatte 120 mûnen komme mei stroom foar 750.000 húshâldens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)