Stipe frege foar tsjerken

01 sep 2011 - 09:48
  • Foar de toer yn Seisbierrum is in oanfraach dien

De provinsje hat subsydzje-oanfragen foar 45 tsjerkerenovaasjes krigen. It nije provinsjale budzjet fan goed seis ton foar monuminten is no beskikber kaam. As alle oanfragen honorearre wurde soenen, is mear as acht ton nedich. Der wurdt lotte om te bepalen hokker projekt stipe krijt.

By de oanfragen sitte renovaasjeplannen fan de Sint Piter yn Grou, de mennistetsjerken op It Hearrenfean en Makkum en de herfoarme tsjerke yn Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)