Stipe frege foar 'Biebel'

31 jul 2009 - 11:28

De stifting Stellingwerfs Eigen wol jild ha foar in Bibel yn it Stellingwerfs. De stifting docht in lêste oprop oan de gemeente. Der is in tekoart fan fiiftûzen euro. Eardere oanfragen binne ôfwiisd. Eaststellingwerf wol net meiwurkje oan religieuze dokuminten en docht inkeld saken mei de Stellingwerver Skrieversronte.

De stifting hat de gemeente al yn it kolofon opnaam. As de gemeente net stypje wol, wurde oare sponsors socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)