Stipe foar Wolvegea Panelen

23 des 2013 - 15:50
  • Wolvega Panelen krige it voucher fan wethâder Trompetter
  • It 'jongerenvoucher'

It bedriuw Wolvega Panelen hat 2500 euro krigen. It bedriuw krijt dit jild omdat it meidocht oan it 'Actieplan bestrijding jeugdwerkloosheid Fryslân'. Doel fan dizze aksje is om safolle mooglik jongeren op syn minst seis moanne lang oan wurk te helpen. It Europeesk Sosjaal Fûns ESF subsidiearret it projekt.

Der wurdt mei-inoar 130 kear in bedrach fan 2500 euro oan bedriuwen yn Fryslân jûn. De aksje mei de 'jongereinvouchers' rint oant en mei desimber 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)