Stipe foar Ulbe Zwaga

25 des 2002 - 00:00

Sechtich reaksjes binne op de webside foar Ulbe Zwaga binnenkaam. De side is opset om de skipper fan it Ljouwerter skûtsje yn de feart te hâlden. It SKS- bestjoer hat him lêsten foar ûnbepaalde tiid skrast. De inisjatyfnimmers fan de webside wolle de reaksjes oan it bestjoer oanbiede.

Zwaga waard skrast om't er koalstof yn de mêst brûkt hie en dat is yn striid mei de orizjinaliteitseasken. Hy wie boppedat negatyf oer de SKS yn de media.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)