Stipe foar starter Dongeradiel

16 jun 2011 - 15:31

Startende ûndernimmers kinne yn Dongeradiel in finansjele bydrage en fergees bedriuwsûnderdak krije. Dêrfoar moatte se in ynnovatyf idee yntsjinje. De trije bêste ideeën krije it jild en de romte. Dêrneist krije se ek begelieding om har produkt op de merk te bringen.

De gemeente hopet mei dit projekt in better klimaat foar nije bedriuwen te kreëarjen. It projekt kostet 38.000 euro. De helte dêrfan betellet de gemeente. It projekt duorret twa jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)