Stipe foar sportdoarp Stynsgea

04 sep 2014 - 12:13
  • Plaknammeboerd Stynsgea

Sportdoarp Stynsgea hat 70.000 euro subsydzje krigen fan de ZonMw-kommisje sportympuls. Dizze kommisje hat in budzjet fan 9 miljoen om oer sportive inisjativen te ferpartsjen. Alle ferienings yn Stynsgea hawwe yn 2013 de hannen ynien slein om sportdoarp te wurden. Dit betsjut dat der mear sportaktiviteiten organisearre wurde, de akkommodaasjes better brûkt wurde en ynwenners mear by de aktiviteiten belutsen wurde.

Njonken de ferienings wurkje ek Sport Fryslân, de gemeente, de wenningstichting en soarchynstânsjes oan it projekt mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)