Stipe foar skeelerbaan

07 okt 2008 - 11:13

De gemeente Dantumadiel krijt 320.000 euro subsydzje fan de provinsje foar de oanlis fan in fyts-, skeeler- en iisbaan yn De Westereen. De baan is bedoeld foar ferienings, mar ek minsken dy't net lid binne en der sporte wolle, kinne dêr te plak.

It is it doel dat der ek wedstriden hâlden wurde sille. It is de bedoeling om de baan oan te lizzen by de sporthal yn De Westereen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)