Stipe foar opknappen Oastkern

18 feb 2011 - 12:01

Achtkarspelen krijt stipe fan de provinsje foar it opknappen fan bedriuweterrein De Oastkern yn Koatstertille. De gemeente is twa jier lyn al begûn mei plannen foar in opknapbeurt. De diken en it grien moatte ferbettere wurde en de terreinen fan de bedriuwen wurde oanpakt.

Ferline jier wiisde de provinsje in oanfraach noch ôf om't der gjin jild wie. No is der al in mooglikheid fûn om mei te beteljen oan de opknapbeurt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)