Stipe foar opfang Hinnepykje

21 aug 2013 - 16:12
  • Pjutteboartersplak It Hinnepykje

Frijwilligers wolle pjutteboartersplak It Hinnepykje yn Snits slute as der in betelle krêft komt te wurkjen. Al jierren wurkje frijwilligers mei de nedige diploma's op de opfang, mar se wurde net betelle. Dat wolle se ek perfoarst net. Minister Asscher wol dat op alle groepen yn alle gefallen ien betelle krêft wurket.

Twadde Keamerlid Pieter Heerma (CDA) stipet de meiwurkers en wie woansdei op besite op it pjutteboartersplak. Twadde Keamerlid fan de PvdA Jaques Monasch hat mei de minister praat oer oer de berne-opfang yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)