Stipe foar oare opset drafbaan

30 jun 2009 - 12:27
  • Weststellingwerf wol in 'oare struktuer' foar de drafbaan yn Wolvegea

De gemeente Weststellingwerf lûkt jild út foar it oars opsetten fan drafsportorganisaasje NDR. De gemeente wol sa de drafbaan yn Wolvegea helpe.

De kurator fan de NDR besjocht de mooglikheid oft de drafbanen yn Wolvegea en yn Den Haach selstannich fierder kinne. Weststellingwerf fynt dat de NDR dan wol in oare, bettere struktuer krije moat. De gemeente hat jild oer foar in advys oer in oare struktuer foar de NDR. Sa'n advys kostet 30.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)