Stipe foar modernisearjen camping Ternaard

01 jul 2015 - 17:38
  • jild

Ternaard krijt tûzenen euro's subsydzje foar it modernisearjen fan de camping. Ek it sportfjild, moetingssintrum, boarterstúntsje en de fjouwer fakânsjewenningen kinne opknapt wurde. De subsydzje komt út it mienskipsfûns fan de provinsje.

Njonken Ternaard wiene der noch 27 oare inisjativen dêr't jild foar oanfrege is. Dêrfan binne 13 ôfwiisd. Ternaard krijt mei-elkoar 10.000 euro.

In bedrach fan 50.000 euro is foar buertsintrum Kiehoal yn in âlde pleats yn Burgum. Dat wurdt omboud as ûnderkommen foar âldereinaktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)