Stipe foar moasje Heerma/Segers oer Omrop Fryslân

13 okt 2015 - 17:04

It reagear moat ôfspraken meitsje mei de provinsje oer de bysûndere posysje fan Omrop Fryslân. Dat fynt de Twadde Keamer. Dêr waard tiisdeitemiddei stimd oer de nije mediawet. De moasje dy't CDA-keamerlid Pieter Heerma en Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie oer de Omrop yntsjinne hawwe, waard oernaam troch de Keamer. Yn de moasje wurdt it regear frege om ynhâldlik en finansjeel rjocht te dwaan oan de bysûndere posysje fan Omrop Fryslân as it giet om de Fryske taal en kultuer.

De steatssiktaris moat dêr mei de provinsje oer om de tafel, fynt de keamer. Steatssiktaris Dekker hat ek al tasein dat er dat dwaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)