Stipe foar ljeddermûne Ockels

17 feb 2010 - 14:46
  • De útfining fan Ockels smyt mear enerzjy op as de tradisjonele wynmûne

Wynenerzjy opwekke mei in saneamde ljeddermûne mei draakjes deroan. Dêr wurket heechlearaar en âld-astronaut Wubbo Ockels al in skoft oan. Mei in ljeddermûne kin mear wynenerzjy opwekt wurde as mei de wynmûnen dy't no brûkt wurde.

Twa bedriuwen út Nij Beets en Ljouwert binne by it projekt belutsen. De provinsje is entûsjast oer de útfining en stipet it projekt mei sa'n 140.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)