Stipe foar Liet Ynternasjonaal?

24 jun 2004 - 09:31

Liet Ynternasjonaal kin mooglik dochs trochgean. In mearderheid fan FNP, CDA, PvdA en SP yn de Provinsjale Steaten docht in útstel om 30.000 euro frij te meitsjen foar it sjongfestival foar lytse talen. It festival stiet faai om't der gjin subsydzje mear út Brussel komt. Der is in tekoart fan 80.000 euro.

De stipe wurdt jûn op betingst dat de organisaasje sels nije sponsors siket. It útstel wurdt 30 juny behannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)